Fakomagen
De Fakomagen (Vacomagi) wienen in folk yn prehistoarysk Brittanje, dêr’t wy alinne fan witte omdat hja ienris neamd wurde troch de geograaf Ptolemaeus yn ± 150. Ut syn algemiene beskriuwing fan dit folk en harren buorstammen kin ôflaat wurde dat harren gebiet de regio om Strathspey hinne wie, mei dat part fan de noardkust fan Skotlân. Ptolemaeus neamd as harren wichtichste plakken 'Bannatia', 'Tamia', 'kamp Pinnata', en 'Tuesis'.