Famke fan it Uchterfean
It Famke fan it Uchterfean of Moora is de namme fan it frouljus feanlyk út de Izertiid dat yn 2000 yn de sompe ûnder Uchte yn Dútslân ûntdutsen waard. De oerbliuwsels binne de wringen, hier en stikken fan de plasse. It ûndersyk fan it lyk begûn yn 2005. De radiometryske C14-datearring útfierd oan de Universiteit fan Kiel liet sjen dat Moora stoarn is tusken 764 f.Kr. en 515 f.Kr. It lichem waard net ferbaarnd hoewol't dat wol wenst wie yn de begraffenispraktyk fan de izertiid. It meastepart fan it skelet is fûn, útsein in skouderblêd.
Foardat DNA-analyse mooglik wie waard tocht dat it lyk fan it 16 jierrich famke Elke Kerll wie, dy't yn 1969 nei besite oan in dancing fuortrekke wie.
Analyse
bewurkje seksjeUndersyk wiisde út dat Moora tusken de 17 en 19 jier wie doe't sy stoar. Sy hie ljocht read hier en wie loftshandich. Der wurdt tocht dat Moora in protte swier wurk dien hat en dat sy faak swier tille moast. Neffens Saring Dennis fan it Universiteitssikehûs fan Hamburg-Eppendorf hat Moora teminsten twa kear in fraktuer fan de plasse hân, dy't út harsels better wurden binne. Moora hat ek lange skoften siik west, faaks feroarsake troch lijen yn de lange winters. Ut it bonkerak koe fierders opmakke wurde dat sy yn har jeugd- en adolesinsjejierren groanysk ûnderfuorre west hat. Fierders waard fêststeld dat Moora in benigne tumor oan de basis fan de plasse hie, dy't ôfwikings oan de rêchbonke en groanyske ûnstekkings yn de bonken fan de skonken feroarsake. Lykwols koe de deadsoarsaak fan Moora net oanwiisd wurde. Der waard wol fêststeld dat sy neaken wie doe't sy oan it fean tabetroud waard.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Girl of the Uchter Moor fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |