Fan 'e Fisker en Syn Frou

Fan 'e Fisker en Syn Frou, yn it oarspronklike Dútsk: Vom Fischer und Seine Frau, is ien fan 'e minder bekende mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. De Russyske dichter Aleksander Poesjkin brûkte it as basis foar ien fan syn gedichten, en ek de roman Der Butt, fan 'e Dútske skriuwer Günter Grass, is der loskes op basearre. Yn 2012 is it oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm. Foar dyselde bondel sette Gosse Blom it oer yn it Hylperske dialekt, ûnder de titel De Fisker en Syn Frou.

Fan 'e Fisker en Syn Frou
algemiene gegevens
oarspr. titel Vom Fischer und Seine Frau
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke, fabel
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fan 'e Fisker en Syn Frou
publikaasje 2012, De Gordyk
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Anne Tjerk Popkema
ISBN oers. 978-9 05 61 52 888
In yllustraasje fan Alexander Zick.

It mearke fertelt it ferhaal fan in earme fisker, dy't mei syn frou yn in rykrakkige hutte oan see wennet. Op in dei fangt er in keardelommen bot dy't prate kin. De fisk seit tsjin 'e fisker dat er eins in betsjoende prins is en smeket de man om him wer gean te litten, wat dy daliks docht. As er letter thús syn ferhaal docht, beskrobbet syn frou him om't er net om in beleanning frege hat. Sy is fan tinken dat in kibige klinte wol it minste is dat de bot harren foar syn frijheid jaan kin. Dat de fisker giet wer nei de seekant ta en ropt de bot, en as dy by him komt, freget er út namme fan syn frou om in kibige klinte. De bot seit dat er wol wer nei hûs ta gean kin, want it is al klear. De fisker giet nei hûs, en echt wier: wêr't de earmoedige hutte stie, stiet no in kibige klinte.

De fisker mient dat er it no moai foarinoar hat, mar syn frou ûntpoppet har ta in deune fekke, foar wa't neat ea genôch is. Nei de klinte wol se in grut kastiel hawwe, en dan wol se as kening yn in paleis wenje, en dêrnei as keizer en dan as paus. Eltse kear bokselet har man mar wer nei de seekant ta om it oan 'e bot te freegjen, en eltse kear jout de fisk daliks wat der frege wurdt. Eltse kear is de fisker ûngelokkiger en wurdt syn frou ynklauweriger. De fisker besiket it har te ûntpraten, mar hja wegeret nei him te harkjen. Uteinlik wol se "as de Heare God wurde". De fisker giet fannijs nei de bot ta en freget it him, en dy seit, hy kin wol wer nei hûs ta gean, want it is klear: syn frou sit alwer yn 'e earmoedige hutte.

  Fryske oersetting (Anne Tjerk Popkema)   Hylperske oersetting (Gosse Blom)
Op in dei siet er sa wer ris mei de angel yn 'e hân yn it heldere wetter te stoarjen. Hy siet mar en hy siet mar. Doe bûgde de angel hiel djip troch. Doe't er ophelle, kaam der in grutte fisk út it wetter, in bot. De bot sei tsjin him: "Hark ris, fisker, ik freegje dy om my libje te litten. Eins bin ik net in bot, mar in betsjoende prins. Wat hast deroan ast my deamakkest? Ik smeitsje dochs net. Set my mar wer út yn 't wetter en lit my swimme." Op in dei seet er só wur ris te fiskjen, en sooch er geduerich yn it heldere wetter. Hy seet mar en hy seet mar. Dê geeng de dobber nei ûnderen, de dêpte yn, en dê't er ophelle, hee er in helen graeten bót oen 'e hook. De bót see tjian him: "Hear ris, fisker, yk smeak jy, leet my libjen bliuwe. Eigenlik bin yk gin bót, mar in betjoenden preans. Het hest deroen ast my daamekkest? Yk smeikje dochs naat. Sot my weróm yn it wetter en leet my swemme."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelbelege, op dizze side.