Fan (yn nammen)
bynwurd yn efternammen
Fan is in bynwurd yn efternammen.
Yn Fryslân waard yn it Saksysk-Habsburchske tiidrek 'fan' troch de gruttelju foar har' tanamme set, om net by de Dútske en Hollânsk-Gelderske adel ôf te stekken. 'Fan' kaam yn de 18e iuw ek faak yn kombinaasjes foar.
At Fokke Bienema syn soan nei syn skoanheit Epke Roos ferneame wol, wurdt de namme Epke Roos fan Bienema, mar dat 'fan' wurdt net ta de efternamme rekkene. Sadwaande waarden de bern wer Bienema's.
Yn de rin fan de tiid krige 'fan' de betsjutting fan 'efternamme', famyljenamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Van. |