Fan Aylva

efternamme

De famylje Fan Aylva wie in ynfloedryke famylje út Wytmarsum. Stamheit wie Douwe Aylva, † 1370.

It famyljewapen
It famyljewapen sûnt 1814

Aylva's yn Holwert

bewurkje seksje

De earste Fan Aylva dy't grytman fan West-Dongeradiel wie, hat Ernst fan Aylva west. Hy is yn 28 novimber 1627 yn Holwert ferstoarn.

De lettere Fan Aylva's hawwe ek in wichtige rol spile yn de Fryske polityk. De bekendste hat Hans Willem van Aylva west. Hy sette mei Albertina Agnes it leger wer op poaten by de Munsterke ynfal yn 1672. Syn bynamme wie 'de Geweldige'.

De lêste Holwerter Fan Aylva dy't grytman west hat wie Sicco Douwe fan Aylva, ferstoarn yn 1807. Hy wenne op Haniastate. Yn syn testamint stie dat Haniastate sloopt wurde moast. Dat is ek bard.

In oare state, dêr't Fan Aylva's yn Holwert wennen wie Aylvastate of Brandstede.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Aylva.