Fan Cammingha (laach)
Fan Cammingha (of Fan Camminga) (Van Cammingha of Van Camminga) is in âld Nederlânsk geslacht fan Frysk komôf.
De stamrige begjint mei Rienck Cammingha, dy't tusken 1529 en 1533 stoar. Bekender is syn neisiet en nammegenoat dy't libbe fan 1517 oant 1584, omdat dy yn 1552 ôfbylde is op in skilderij fan Adriaan van Cronenburgh (Frysk Museum), dêr't ek de âlde Camminghaburg, it famyljekastiel by Ljouwert, op te sjen is. De famylje spile sûnt de iere 17e iuw in wichtige rol yn de Nederlânske skiednis en oefene benammen yn Fryslân macht út.
Yn 1814 wie de erkenning as ealman fan Fryslân by Sûverein beslút (SB) fan ien lid fan it geslacht, yn 1825 folge beneaming yn de Ridderskip fan Fryslân by Keninklik beslút. Sûnt 1814 hearre troch it SB leden fan it laach ta de Nederlânske adel mei it predikaat jonkhear en jonkfrou. Yn 2020 libbet der noch ien froulike neikommeling fan dit geslacht (1935), wêrtroch't it geslacht mei útstjerren bedrige wurdt.
It wapen fan de famylje wurdt troch fuotbalklup SC Cambuur, dy't neamd is nei de buert dêr 't it kastiel ea stie, brûkt as klupembleem.
Literatuer
bewurkje seksje- P.N. Noomen, De familie Cammingha in de middeleeuwen: haar relatie met de stad Leeuwarden en haar positie in Oostergo, yn: Leeuwarder historische reeks 6 (1997), s. 10-98.
- Genealogie Kwartaalblad CBG 2002-01 Y. Kuiper en J. Frieswijk (red.). Twee eeuwen Friese adel 1814–2000. Van landadel naar historisch instituut. It Hearrenfean: Utjouwerij Van Mazijk, 2000. 183 s., yll. (TPFr-SGKuip). ISBN 90-72572-38-6.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|