Fanny Calderón de la Barca

Frances (Fanny) Calderón de la Barca, markizinne fan Calderón de la Barca, berne as Frances Erskine Inglis (Edinburgh, 23 desimber 1804 - Madrid, 6 febrewaris 1882) wie in Skotsk skriuwster.

Calderón waard berne yn Edinboarch, mar doe't hja fjouwer jier wie ferfarre har famylje nei Normandje en letter nei Boston. Yn 1838 boaske hja oan de Spaanske diplomaat Ángel Calderón de la Barca, dy't dat jier ta earste Spaanske ambassadeur yn Meksiko beneamd waard. Sy folge him en it pear hâlde yn Meksiko ta fan desimber 1839 oant febrewaris 1842. Fan de brieven oan har famylje makke histoarikus William Hickling Prescott in jier letter it boek Life in Mexico.

Fan 1843 oant 1853 wie Calderón yn de Feriene Steaten, oant har man weromroppen waard nei Spanje. Dêr skreau hja ûnder skûlnamme El Murcielago ('De flearmûs'), in boek mei krityk op it Spaansk regear. Letter bekearde sy har ek ta it Roomsk-katolisisme.

Nei it ferstjerren fan har man yn 1861 gie hja yn in konvint krekt oer de Frânske grins, mar gie werom nei Spanje doe't hja útnûge waard troch keninginne Isabella II fan Spanje, om prinsesse Maria Isabella te ûnderrjochtsjen. Nei it fannijs ynstellen fan de Bourbonmonargy yn Spanje waard hja 1876 ta markizinne adele. Calderón stoar sân jier letter.

  • La Vida En México Durante Una Residencia De Dos Años En Este País
  • El Agregado En Madrid O Bocetos De La Corte De Isabel II (1856).

Keppeling om utens

bewurkje seksje