Fantasij

(Trochferwiisd fan Fantasearjen)

Fantasij (fan it Frânske fantaisie), ek fantasije, fantasy, ferbylding, ferbyldingskrêft, foarstelling, foarstellingsfermogen, ynbylding of ynbyldingsfermogen, is it minsklik mentaal fermogen om bylden, ideeën en/of gefoelens op te roppen sûnder dat men dy sintúchlik waarnimt. Sa kin men jin ynlibje yn sitewaasjes of foarfallen dy't men net sels belibbe hat of entiteiten betinke dy't net besteane of wêrfan't it bestean net bewiisd wurde kin. Ek kin de fantasij brûkt wurde om oantinkens út it ferline te feroarjen troch der dingen by te betinken dy't net wier bard binne of der krekt wol wier barde foarfallen by wei te tinken. In troch fantasij ûntstiene foarstelling wurdt ek in fantasij(e) of in fantasy neamd. It byhearrende eigenskipswurd is fantastysk. Immen mei in protte fantasij is in fantast.

De fantasij kin prikele, d.w.s. bewust of ûnbewust ynspirearre wurde, troch bygelyks wat men yn boeken, kranten of tydskriften lêst, wat men op 'e radio heart, wat men yn films, op 'e tillefyzje of op it ynternet sjocht of wat men belibbet yn it deistich bestean. Fantasij kin ek wjerspegele wurde yn dreamen. As men djip wei is yn in fantasij, sprekt men wol fan in deidream. In bysûnder soarte fantasij is in seksuele fantasij, wêryn't men jin in seksuele of seksueel tinte sitewaasje foarstelt.

Psychologysk sjoen is de ûngrypbere fantasij in kognityf proses dat de minske romte jout om it libben te ynterpretearjen en op 'e siik te gean nei nije foarmen fan tinken en beoardieljen. De fantasij stiet sa oan 'e basis fan it ûntwikkeljen fan nije en ynnovative ideeën en spilet in wichtige rol yn it learfermogen fan 'e minske. It jout him de kâns om âlde kennis fierder út te wurkjen troch him foar te stellen wat er de barre soe as er der eat oan tafoege of fan ôfhelle. Fantasij kin lykwols ek in negative wurking hawwe, mei't it ek de kearn foarmet fan psychyske oandwanings as paronoia. Foar sûne minksen jout de fantasij lykwols fral de oanset ta positive dingen lykas kreätiviteit, relativearringsfermogen en it nimmen fan inisjativen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.