FarmVille
FarmVille is in sosjaal kompjûterspul dat spile wurde kin middels Facebook of Farmville.com. It is in simulaasjespul dat útkomd is op 19 juny 2009.
By FarmVille spilet de brûker in boer dy't syn pleats ûnderhâlde moat. Is de spiler krekt dwaande om nôt te rispjen, naait der wer in baarch út of de hinnen freegje allegeduerigen om foer. It freget in soad tiid om te buorkjen op dit 'boerespultsje'. Mei help fan munten en FarmVilledollars kin de brûker lân omploeie en de gewaaks plantsje. Guon gewaaksen moatte al nei in pear oeren wer rispe wurde, sommige pas nei inkele dagen. Ek it oanskaffen fan bisten, beammen, dekoraasjes en gebouwen heart ta de mooglikheden. Troch it te ynvestearen yn gewaaksen ûntstiet ûnderfining (XP) en kin ek winst makke wurde. It spul kin online spile wurde mei freonen. Se kinne elkoars gewaaksen bewurkje mei keunstdong (Fertilizer) of elkoar helpe mei lytse probleemkes, bygelyks foksen ferjeie. It grutte geheim fan it súkses is it sosjale aspekt dat der yn sit. Mei in soad spulfreonen groeie de produkten hurder en troch oaren te helpen of presintsjes te jaan kin men sels ek punten fertsjinje. By dy beide metoades helje beide partijen foardielen. Nei ferrin fan tiid kinne de spilers stige yn level, wêrtroch't der bygelyks mear gewaaksen beskikber komme. Noch in oare feature fan it spul binne de "medaljes" (Ribbons), dy binne te fertsjinjen troch bepaalde doelen te berikken (lykas in soad Facebookfreonen as FarmVille buorlju hawwe, in soad gewaaksen rispe, it brûken fan in siedmasine, it setten fan gebouwen, it setten fan dekoraasjes, ... ).
De makkers fan FarmVille, de firma Zynga, spilet yn Farmville yn op de ferskillende seizoenen fan it jier. Sa kinne ferskate Halloweenattributen oanskaft wurde as de tiid dêr ryp foar is en kinne brûkers ek de krystbeam sette en sels in dik pak snie oer harren pleats falle litte.
Op Facebook besteane der wyls in soad pro-en kontra FarmVille fan-siden. Ferskillende boarnen jouwe oan dat FarmVille, mei mear as 72 miljoen accounts yn desimber 2009, it meast spile kompjûterspul fan de wrâld is. Ek de earste gefallen fan FarmVilleferslaving binne wyls bekend. It spul kin fergees spile wurde, mar efter de skermen wurdt ek jild fertsjinne troch de makker. De spulmunten kinne ommers ek foar echt jild kocht wurde. Wa't fêstrûn is yn it spul kin sa wer trochspylje. Spilers sjogge faker deis op de side om te sjen oft it nôt al groeid is, oft de jirpels al ferkocht wurde kinne ensfh. Wa't sa faak net sjen wol kin it bêste artisjokken ferbouwe: dy binne pas nei fjouwer dagen folgroeid.
Der besteane ek noch oare sosjale kompjûterspultsjes fan Zenga, lykas Mafia Wars. Facebook profiteart fan de pupulariteit fan FarmVille, spilers kinne sa ûnder it spyljen ek kontakt ha om dingen ôf te praten oer it spyljen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |