Fatoumata Diawara

Fatoumata Diawara (Ivoarkust, 1982) is in Malineesk muzikant, sjonger en aktrise dy't yn Frankryk wennet.

Fatoumata Diawara 2012

Fatouma waard berne yn Ivoarkust út Malineeske âlden. Sy ferfarre nei Frankryk om te aktearjen. Sy spile yn Cheick Oumar Sissokos film La Genèse (1999), Dani Kouyaté syn populêre film Sia, le rêve du python (2001), yn it ynternasjonaal ferneamde teaterselskip Royal de Luxe en spile boppedat de haadrol yn de musical Kirikou et Karaba.[1]

Letter pakte sy it gitaarspyljen op en komponearre sy har eigen lieten; wurk dat in kombinaasje is fan Wassaloutradysjes út Súd-Maly en ynternasjonale ynfloeden.[2] Sy hat optreden mei Oumou Sangaré, en ek muzyk mei him opnaam,[3] mei AfroCubism,[4] Dee Dee Bridgewater (oer Red Earth: A Malian Journey),[5] en it Orchestre Poly-Rythmo de Cotonou.[6] De plaat Kanou waard maaie 2011 útbrocht en har debútalbum Fatou op it platemerk World Circuit Records kaam septimber 2011 út.

Septimber 2012 hat hja optrede yn in kampanje mei de namme "30 Songs / 30 Days" om Half the Sky: Turning Oppression into Opportunity for Women Worldwide te stypjen, in muly-mediaprojekt yspirearre troch it boek fan Nicholas Kristof en Sheryl WuDunn. [7]

 
Fatoumata Diawara yn Leien, 2012
  • 1996 : Taafe Fanga fan Adama Drabo
  • 1999 : La Genèse fan Cheick Oumar Sissoko : Dina
  • 2002 : Sia, le rêve du python fan Dani Kouyaté : Sia
  • 2008 : Il va pleuvoir sur Conakry, fan Cheick Fantamady Camara : Siré
  • 2010 : Encourage, fan Eleonora Campanella
  • 2010 : Ni brune ni blonde, fan Abderrahmane Sissako
  • 2011 : Les Contes de la Nuit, fan Michel Ocelot (stim)
  • 2014 - Timbuktu (Abderrahmane Sissako), as de sjongster
  • 2015 - Morbayassa (Cheick Fantamady Camara)
  • 2018 - Yao (Philippe Godeau), as Gloria
  • 1998 : Antigone fan Sofokles ; bewurking Jean-Louis Sagot Duvauroux, produksje Sotiguy Kouyaté
  • 2002 -2008 : Royal de Luxe ; fan Jean-Luc Courcoult
  • 2007-2008 : Kirikou et Karaba : Karaba
  • 2011 : Kanou (World Circuit - EP)
  • 2011 : Fatou (World Circuit - Album)
  • 2012 : Optreden yn Rocket Juice & the Moon (Honest Jon's - Album)
  • 2012 : Optreden yn it liet "Nothin' Can Save Ya" fan it album The Bravest Man In The Universe fan Bobby Womack
  • 2013 - Sketches from Ethiopia (Mulatu Astatke), meidogger oan it nûmer Surma
  • 2015 - At Home (Live in Marciac) mei Roberto Fonseca
  • 2017 - Lamomali (Matthieu Chedid), meidogger oan de nûmers Manitoumani, Bal De Bamako, Cet Air, Une Âme en Toi Moi
  • 2018 - Fenfo (Wagram Music)
  • 2020 - Désolé (Gorillaz)
  • 2023 - London Ko (Wagram)

Yn desimber 2018 hearde Diawara ta de nominearden foar twa Grammy Awards: Best World Music Album foar har album Fenfo en Best Dance Recording foar Ultimatum fan de groep Disclosure dêr't se oan meiwurke hie.[8]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Chabasseur, Eglantine. "Fatoumata Diawara Reinvented", RFI musique, 8 april 2009.
  2. [1], BBC Radio 3, 13 novimber 2010.
  3. Cummings, Tim. "Oumou Sangare, Barbican Hall, London", The Independent, 28 april 2009.
  4. Phillips, Glyn. "AfroCubism", WorldMusic.co.uk, 8 juny 2011.
  5. Stoudmann, Elisabeth. "Fatoumata Diawara: Nouvelle deesse malienne". Vibrations, juny 2011
  6. Denselow, Robin. "Orchestre Poly-Rythmo: Cotonou Club", The Guardian, 24 maart 2011.
  7. http://www.halftheskymovement.org/blog/entry/30-songs-30-days-for-half-the-sky1
  8. Winners and Nominees 61st Annual GRAMMY Awards (2018), Grammy Awards
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fatoumata Diawara fan Wikimedia Commons.