Feanrivier
In feanrivier is in rivier dy't it wetter út it fean ôffiert. Benammen by leechfean binne der gjin grutte hichteferskillen, dat it wetter rint mar stadich fuort. Om't it wetter stoffen meinimt dy frijkomme by it ôfbrekken fan planten, hat it in brune kleur. Der wurdt lykwols ornaris gjin ierde meinaam, dat it wetter is al helder.