Feemerk fan Wolvegea

De feemerk fan Wolvegea wie in feemerk dy't foarhinne alle wiken yn it Fryske plak Wolvegea holden waard. Dit barren wie, krekt as de measte oare feemerken, oarspronklik ûntstien út in Midsiuwske jiermerk. It is dan ek dreech te sizzen wannear't de feemerk krekt foar it earst holden waard. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw waarden op 'e feemerk fan Wolvegea inkeld noch bargen ferhannele. Yn 1972 gie de feemerk ticht en waard de hannel oernommen troch de feemerk fan Snits en de feemerk fan Ljouwert.

feemerk fan Wolvegea
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Wolvegea
datum 1× yn 'e wike
bysûnderheden
oanlieding hannel
soarte evenemint feemerk
bestean Midsiuwen1972

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: