Feest fan Kristus Kening
It Feest fan Kristus Kening (Latynsk: Sollemnitas Domini Nostri Iesu Christi Universorum Regis; Heechfeest fan ús Hear Jezus Kristus, Kening fan it Hielal) is in kristlik feest dat sûnt 1925 yn de westerske tsjerke fierd wurdt. It is in relatyf nij feest op de liturgyske kalinder en waard pas yn 1925 troch paus Pius XI foar de roomsk-katolike tsjerke ynfierd. Oarspronklik foel de dei fan Kristus Kening op de lêste snein fan oktober, mar yn 1969 waard de roomske fiering nei de lêste snein fan de liturgyske kalinder ferset. Dat betsjut dat de fiering op syn betiidst op 20 novimber plak fynt en op it lêst op 26 novimber. De liturgyske kleur foar dizze fiering is grien.
Ek guon protestantske tsjerken lykas de Anglikanen en de Lutheranen fiere it feest.
It feest fan Kristus Kening wurdt opfolge troch de advintstiid.
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn in tiid fan it ynstoarten fan grutte monargyen nei de Earste Wrâldkriich en de opkomst fan ekstreme politike systemen lykas it kommunisme en letter it nazisme moast it nije feest de klam lizze op de wiere hearskippij fan Kristus.
Al fuort nei de berte fan Jezus yn Betlehem fregen de trije keningen út it easten yn Jeruzalim wêr't de kening fan de joaden te finen wie (Mattéus 2:1). Ek mei it lijen fan Kristus kaam it keningskip fan Jezus oan de oarder. Pilatus frege Him: Bisto de kening fan de Joaden? en Jezus andere mei: jo sizze it (Lukas 23:3). Jezus krige in poarperen kleed oan en Him waard in kroan fan stikels opset en in stok yn de rjochter hân treaun. Doe foelen de joaden op de knibbels foar Kristus en hunen Heil oan Jo, kening fan de joaden (Mattéus 27:28). Doe't Jezus de krúsdea stjerre moast, liet Pilatus in boerd mei de letters INRI (Iesus Nazarenus, Rex Iudaeorum; Jezus fan Nazareth, kening fan de Joaden) oan it krús fan Kristus spikerje.
Bylden fan Kristus Kening
bewurkje seksje-
Ljouwert, Sint Bonifatiustsjerke oan de Foarstreek
-
Grins, oarspronklik by de Sint-Martinustsjerke, tsjintwurdich op it katolike tsjerkhôf oan de Hereweg.
-
Alkmaar, Sint-Jozeftsjerke oan de Nassaulaan.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bylden fan Kristus Kening fan Wikimedia Commons. |