Fegetarisme

(Trochferwiisd fan Fegetarysk)

Fegetarisme is de fiedingswize dy't skaaimerke wurdt troch "it net iten fan fleis, fisk, skealdieren, fûgelte en ynsekten, mar ek gjin byprodukten fan deamakke bisten"[1]. Minsken dy't dizze fiedingsregel yn de praktyk bringe, wurde oantsjutten as "fegetaarjers". Guons nimme dy definysje krekter en beskôgje fegetarisme as de fiedingswize wêrby't net alinnich plantaardich fiedsel iten wurdt. De minsken dy't de krekte fariant oanhingje en dus gjin produkten fan libbene bisten ite, neame har feganist. Dejingen dy't sa no en dan fegetarysk ite wurde ek wol fleisferlitter neamd. Fegetarisme is ôflaat fa it Latyske adjektyf "vegetus", dat "libben, derten, krêftich"[2] betsjut.

Iet 'V'-logo sa't dat yn 1985 ûntwurpen is troch de Italjaan Bruno Nascimben. Dit logo wurdt wrâldwiid brûkt om fegetarisme of fegetaryske produkten oan te tsjutten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Definysje fan it Nederlânske Fegetaarjersbûn
  2. Wolters' Woordenboek Latijn Nederlands, 1992, ISBN 90-01-60350-5.