Felice Beato (Feneesje, 1832 - Florâns, 29 jannewaris 1909), ek wol Felix Beato, wie in Italjaansk-Britsk fotograaf, ien fan de earsten dy't fotografearre yn East-Aazje en ien fan de earste oarlochsfotografen.

Felice Beato

Beato is ferneamd fan syn sjenrestikken, portretten en útsichten en panorama's fan de arsjitektuer en lânskippen fan Aazje en it Middellânske Seegebiet. De reizen dy't Beato nei in protte lannen makke joegen him de kâns om sterke foto's te meitsjen fan kontreien, minsken en barrens dêr't de measte minsken yn Jeropa en Noard-Amearika neat fan ôf wisten. Noch altyd wurde syn foto's brûkt at it oer de Muiterij fan Sepoy en de Twadde Opiumkriich giet. Syn foto's binne de earste foarbylden fan wat letter de fotosjoernalistyk hjitte soe.

keppeling om utens

bewurkje seksje