Felix Klein
Felix Christian Klein (Düsseldorf, 25 april 1849 - Göttingen, 22 juny 1925) wie in Dútsk wiskundige.
Klein wie heechlearaar oan de universiteiten fan Erlangen (dêr't er it Erlanger Programm opstelde), München, Leipzig en letter Göttingen dêr't er wiskunde joech. Haadûnderwerpen fan him wienen net-euklidyske mjitkunde, groepeteory en funksjeteory. Under oaren is de Flesse fan Klein nei him neamd. Yn 1912 krige hy de Copley Medalje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBibliografy
bewurkje seksjePrimêr:
- 1887. (in) The arithmetizing of mathematics yn Ewald, William B., ed., 1996. From Kant to Hilbert: A Source Book in the Foundations of Mathematics, 2 vols. Oxford Uni. Press: 965-71.
- 1921. (dú) Felix Klein gesammelte mathematische Abhandlungen R. Fricke en A. Ostrowski (eds.) Berlyn, Springer. 3 dielen. (online kopy by GDZ)
- 1890. (dú) Nicht-Euklidische Geometrie