Femke Boersma
Femke Boersma (skûlnamme: Femke Talma) (Amsterdam, 11 desimber 1935) is in Nederlânsk aktrise. Yn 1958 studearre sy ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle. Se siet jierrenlang by ferskate toanielselskippen en spile yn de jierren 60, 70 en 80 fan de 20e iuw ek yn films en tf-dramasearjes. Yn de jierren dêrnei wie hja lid en ficefoarsitter fan de Ried foar de Keunst en de opfolger dêrfan, de Ried foar Kultuer.
Femke Boersma | ||
akteur | ||
Femke Boersma (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 11 desimber 1935 | |
berteplak | Amsterdam | |
offisjele webside | ||
Femke Boersma yn de IMDb |
Se is de oarehelte fan de eardere politikus Frits Bolkestein. Derfoar wie se boaske oan akteur en skriuwer Henk Rigters (1915–2001).
Rollen
bewurkje seksje- Het wonderlijke leven van Willem Parel - Angele (1955)
- Zesde Etage - Madeleine (1961)
- Geld te geef - Patricia Elliot (1963)
- Les Enquêtes du commissaire Maigret - Lisbeth Popinga (1976)
- MS Franziska - Aavje Wilde (1977)
- Pastorale 1943 - Frou Poerstamper (1978)
- Ons goed recht - Trees Bakker (1979)
- Een vlucht regenwulpen - Ferpleechster (1981)
- Medisch Centrum West - Jacqueline Breeveld (1989)