Ferbiningstsjerke (De Westereen)
De Ferbiningstsjerke oan de Toerstrjitte wie foarhinne herfoarme Toertsjerke en tsjintwurdich de tsjerke fan de protestanske gemeente yn De Westereen.
Ferbiningstsjerke | ||
bouwurk | ||
Lofts de nijbou fan de hjoeddeiske tsjerke; rjochts de âlde tsjerke | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | De Westereen | |
adres | Toerstrjitte 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1964, 2018 | |
arsjitekt | P.W.J. Hoeks | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1838 waard foar it earst in herfoarme tsjerke yn it heidedoarp boud. Dit wie in t-foarmich gebou mei op it snijpunt fan it dak in lytse dakruter. De tsjerke waard yn 1963 sloopt en neffens in ûntwerp fan P.W.J. Hoeks ferfongen troch de hjoeddeiske bou.
Nei in tiid fan tegearre oparbeidzjen en meiinoar tsjerkjen fusearre de herfoarme tsjerke fan De Westereen yn 2016 mei de grifformearde tsjerke. Fan de twa tsjerken moast der ien ferkocht wurde en de kar foel op de grifformearde Rotondetsjerke om ôf te stjitten. Foar de Toertsjerke hold dat yn dat de tsjerke ferboud en útwreide wurde moast mei in nije tsjerkeseal, dy't likernôch like grut is as dy fan de Rotondetsjerke.[1]
De tsjerke út 1964 waard yn 2018 ferboud ta in moderne tsjerke mei ferskate romtes dy't apart fan inoar brûkt wurde kinne foar meardere aktiviteiten. Achter de oarspronklike tsjerke kaam in foarse, 25 meter lange nijbou, it eigenlike tsjerkegebou dat him ek goed foar konserten en oare aktiviteiten lit brûke. Achter it alter is in smel raam ynbrocht, dat mei in dwersbalke yn de tsjerke en oan de bûtenmuorre in krús foarmet. De oarspronklike tsjerke rekke de kreake kwyt en krige in ferdjipping foar ferhier en gearkomsten.[2] Tagelyk krige de tsjerke ek de hjoeddeiske namme.
Ta gelegenheid fan de iepening fan de Ferbiningstsjerke joech organist Gert van Hoef op 16 novimber 2018 in konsert op it oargel.[3]
Oargel
bewurkje seksjeYn de Toertsjerke stiet in oargel út 1965 fan de firma Pels, wylst de Rotondetsjerke in Koch-oargel út 1974 hat. It is noch net bekend hokker fan de twa oargels de tsjerke hâldt.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|