Ferkearsfleanmasine

In ferkearsfleanmasine is in fleanmasine dy't foar de boargerloftfeart brûkt wurdt.

Ferkearsfleanmasines kinne yn trije kategoryen yndield wurde:

  • Passazjiersfleanmasines, dy't foar it ferfier fan passazjiers en harren bagaazje brûkt wurde. As der romte ûnderyn 'e fleanmasine is, kin der ek fracht ferfierd wurde;
  • Frachtfleanmasines, dy't allinnich foar it ferfier fan fracht brûkt wurde;
  • Kombi-fleanmasines, dy't foar in part brûkt wurde foar it ferfier fan passazjiers (meastentiids it foarste part), en foar in part foar it ferfier fan fracht.