Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf (Sint-Petersburch)

De Ferrizenistsjerke (Russysk: Воскресéнская церковь) is ien fan 'e tsjerken op it grutte Smolensker tsjerkhôf op it Vassiljevski-eilân yn Sint-Petersburch, Ruslân.

Ferrizenistsjerke

Воскресенская церковьь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Kamskaja Ulitsa
koördinaten 59° 56' N 30° 15' E
Arsjitektuer
arsjitekt V.A. Demjanovski
boujier 1901-1904
boustyl Narysjkin- of Moskouse barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810663000 [1]
Kaart
Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf (Sint-Petersburch-Sintrum)
Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf

Mei de bou fan 'e tsjerke by de wichtichste tagong fan it Smolensker tsjerkhôf waard yn 1901 begûn. It gebou is neffens in plan fan 'e arsjitekt V.A. Demjanovski boud en al yn 1904 wie de tsjerke foltôge. De styl fan it gebou is foar Sint-Petersburch ûngewoan. It is de iennige tsjerke yn Sint-Petersburch dy't de saneamde Narysjkin- of Moskouse barok fertsintwurdiget, dêr't yn Moskou en omkriten mear foarbylden fan te finen binne. De Ferrizenistsjerke waard in elegante tsjerke fan reade bakstien mei ljochtkleurige dekoraasjes en in hege achthoekige toer mei in fergulde sipel as bekroaning. Ek boppe de beide sydkapellen feriisden twa sipels.

Ferneatiging

bewurkje seksje
 
De restauraasje fan de tsjerke

Lang hat de tsjerke gjin tsjinst dien. Yn jannewaris 1930 waard de tsjerke op lest fan 'e ateïstyske oerheid sletten en ferboud ta herberch. De preester waard arrestearre en feroardiele ta tsien jier Gûlag. Hy waard yn 1938 eksekutearre yn it kamp Svirlag, likernôch 240 kilometer noardeastlik fan Sint-Petersburch.[2] De tsjerklike rykdom en binnenarsjitektuer fan 'e Ferrizenistsjerke waarden folslein ferneatige en alle trije koepels gyngen ferlern. Yn 1977 krige de eardere tsjerke in nije bestimming en waard it ferboud ta gemaal, itjinge ta fierdere degradaasje fan it eardere tsjerkegebou late.

Wat der oerbleau waard yn 1991 werom jûn oan it bisdom Sint-Petersburch, dy't opdracht joech ta de rekonstruksje fan 'e Ferrizenistsjerke. Yn 'e earste helte fan 2010 binne de koepels wer yn eare hersteld. Yn 2016 is in betonnen, ûntsierende ôffreding ferfongen troch in smei-izeren ôffreding.

Yn 'e tsjerke fûn op 10 augustus 1921 de routsjinst plak fan Aleksander Blok, dy't op it hôf begroeven is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенская церковь на Смоленском кладбище