Ferry van Delden

Cornelis Johannes Theodorus (Cor, Ferry) van Delden (Amsterdam, 20 maart 1892 - dêre, 9 novimber 1965) wie in Nederlânsk tekstdichter.

Ferry van Delden
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cornelis Johannes Theodorus van Delden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 maart 1892
stoarn 9 novimber 1965
wurkpaad
berop/amt tekstdichter
reden
  bekendheid
Lieten foar ferneamde artysten
prizen Gouden Harp

Libben en wurkBewurkje

Cor van Delden wie yn 't earstoan makelder yn tabak yn Rotterdam, mar wijde syn fierdere libben oan it dichtsjen fan populêre teksten foar maklike lietsjes. Hy wie yn de jierren tritich, fjirtich en fyftich in bekende Nederlanner fanwegen de lietteksten (soms ek melodijen) dy't er skreau foar Willy Derby, Lou Bandy, Dorus, De Selvera's en in protte oaren. Yn 1962 ûntfong er as earste (tegearre mei de dirigint-komponist Hugo de Groot) de Gouden Harp fan de Stichting Conamus (Komitee foar Nederlânske Amusemintsmuzyk) foar syn hiele oeuvre, dat er sels rûsde op 7000 lietteksten.

Bekende teksten fan Van Delden binne We gaan naar Rome, Aan de muur van het oude kerkhof, De Spaanse vluchteling, De postkoets (Cleber), De Figaro Parodie en De begrafenis van Manke Nelis.

Yn 1920 skreau er syn earste revu, Heb je er last van, dy't yn it 'Paleis voor Volksvlijt' foar it earst fertoand waard. Foar Willy Derby en Lou Bandy skreau er yn 1927 de revu ‘Vergeet je me niet?’ dy't yn it Trianon Teäter yn De Haach opfierd waard mei ûnder oaren Sylvain Poons.

‘Ferry’ van Delden troude 12 augustus 1915 mei Mietje Maas (Rotterdam, 13 desimber 1894). Sy krigen in soan, Philip (30 oktober 1916 – 28 juny 1983). It houlik waard op 9 novimber 1939 ûntbûn. De joadske Mietje Maas waard troch de nazy’s fermoarde yn it ferneatigingskamp Sobibór op 30 april 1943.
Op 6 desimber 1939 boaske Ferry oan Catharina Maria Elisabeth de Haas, dy't in bekend aktrise wie ûnder de skûlnamme Tiny Lavell. Sy rekke wei yn 1980.

Keppeling om utensBewurkje

tekstfragminten en blêdmuzyk fan tal fan lieten.