Frysk Fersetsmuseum

(Trochferwiisd fan Fersetsmuseum (Ljouwert))

It Frysk Fersetsmuseum is in museum dat diel útmakket fan it Frysk Museum op it Saailân yn Ljouwert dat wijd is oan de Twadde Wrâldoarloch.

De Kânserarij, it plak fan it museum fan 1995-2013
Earegalery

It museum waard yn 1979 oprjochte yn de Kânselarij as selstannich museum. De kolleksje fan Catharinus (Bob) Reitsma waard it Verzetsmuseum Friesland. Reitsma wie ek de skriuwer fan it boek Tekens aan de weg - tekens aan de wand. It Fersetsmuseum waard op 27 septimber 1979 iepene. It waard it earste fersetsmuseum fan Nederlân. Oanset ta it museum wie de befrijingseksposysje V-25 yn it Beursgebou yn 1970. De feriening Friesland 1940-1945 spile in wichtige rol by de oprjochting fan it Fersetsmuseum yn Ljouwert. Sân moanne nei de iepening op 23 april 1980 kaam de 10.000ste besiker. Yn de jierren '80 ferhuze it museum nei in pân oan it Suderplein . It Fersetsmuseum waard yn 1994 ûnderdiel fan it Frysk Museum. Yn 1995 ferhuze it wer werom nei de Kânselarij. Yn 2013 ferhuze it museum nei it Wilhelminaplein (Saailân) . Yn desimber 2019 waard it museum fannijs ynrjochte. It is fêstige op 'e twadde ferdjipping fan it gebou fan it Frysk Museum.

De kolleksje is yndield yn:

Yn de kolleksje binne trije monuminten yntegreard:

  • Earegalerij mei de 290 fallenen yn it Frysk ferset
  • De muorre mei de nammen fan de 616 fermoarde joaden út Fryslân
  • In tinkstien foar de ±1000 omkommen Fryske twangarbeiders

De Twadde Wrâldoarloch wurdt boppedat presintearre yn 25 haadstikken. Middels tema's wurdt de fersetsline trochlutsen nei it meitsjen fan in kar yn it hjoeddeiske libben.

Yn de besikerskompjûter binne tûzenen foto's & feiten tagonklik. Der kin socht wurde op namme, datum of plak. De Bibleteek, Argyf en Dokumintaasjesintrum binne spesjaal bedoeld foar ûndersyk en publikaasje. It Fersetsmuseum is ek yn boekfoarm ferskynd ûnder de titel 'Een Tweede Wereldoorlog'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Harley Davidson Liberator, friesverzetsmuseum.nl/collectie