Ferskot
Ferskot is in boarchsom dy’t by ferhier fan sates of losse stikken lân troch de hierder oan de ferhierder betelle waard. It Ferskot moast de hierder behinderje om it lân mei in hûs te beswierjen – of by ferhier fan lân mei hûs - it hûs boppe de normale reparaasjes te ferbetterjen. It beswierjen fan in lân mei in hûs of it ferbetterjen fan it hûs wie neidielich foar de lânhear. Dit omt de ferhierder nei it ferstriken fan de hiertermyn neffens jildend rjocht ( sjoch ek: ôfkeap ) de wearde fan it hûs of ferbettering betelje moatte soe. Nei ôfrin fan de hiertermyn krige de hierder it Ferskot werom, al as net fermeardere mei rinte. It Ferskot wurdt faaks ten ûnrjochte ‘Foarskot’ neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|