Fiedingsfezels, ek wol 'ballêststoffen' neamd, is in sammelnamme foar in groep kwa aard en wurksumens slim útienrinnende stoffen fan plantaardich komôf mei as mienskiplik skaaimerk dat se yn de tinne term fan de minske net fertard of opnommen wurde. Se komme dus yntakt oan yn de grutte swier (grouwe term).[1]

'Fruit & Fibre' in Ingelsk fezelmoarnsmiel

De term ‘fiedingsfezel’ is foar it earst brûkt troch Hipsley om bestândielen fan de planteselwant te beskriuwen. Letter waard de term ferbrede ta alle oerbliuwsels fan planten en oare fiedselbestândielen dy’t oer fertarringsensimen kinne. Oarspronklik waarden allinnich net-oplosbere fezels as fiedingsfezel beskôge, oant dúdlik waard dat ek oplosbere fiedingbestândielen ûnfertarber wêze kinne.

Yn 2001 hat de Amerikaanske Food and Nutrition Board (FNB), ûnderdiel fan it Institute of Medicine (IOM), ‘fiedingsfezel’ lykas folget definiearre: ‘Fiedingsfezel bestiet út net-fertarbere koalhydraten en lignine dy’t fysiologyske effekten by minsken hawwe. De folsleine hoemannichte fezel is de som fan de hoemannichte fiedingsfezel en wat dêr noch oan tafoege wurdt.’[2] Dizze definysje makke in ûnderskied tusken yn iten oanwêzige fezel (fiedingsfezel) en fezel dy’t ekstrahearre en/of syntetisearre is (funksjonele fezel) en as supplemint op de fieding ynnommen wurdt. Dit om de bewiisde sûnensfoardielen fan fezelryk iten te ûnderskieden fan de folle minder ûnderboude sûnensfoardielen fan suppleesje mei fiedingsfezels.

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) en de Fiedsel- en Lânbou-organisaasje (FAO) ha yn 2008 fiedingsfezel definiearre as koalhydraatpolymearen mei tsien of mear monomere ienheden, hokker net troch endogene ensimen yn de tinne term hydrolisearre wurde.[3] De Jeropeeske Uny hantearret in definysje dy’t te ferlykjen is mei dy fan de WHO/FAO.

Inkelde foarbylden fan fiedingsfezels binne: pektine, lignine, selluloaze, gommen, slymstoffen, resistint setmoal, inuline, fruktanen, ferskate hemyselluloazen, saponinen, tanninen.[1]

De fysiologyske effekten fan fiedingsfezels kinne sterk útinoar rinne, troch it slim ferskate karakter fan de groep stoffen. In tal fan de stoffen dy’t ûnder dizze groep skikt wurde, hat sels gjin fezelstruktuer: pektine, gommen en slymstoffen (musines) binne dêr foarbylden fan. Om dy reden wurdt de term ‘net-fertarber residu’ brûkt.[1] Fiedingsfezels krije inkeld de ferâldere namme ballêststoffen mei, yn de ûnderstelling dat dy stoffen gjin funksje hawwe foar it organisme en dus ballêst binne.

Fiedingsfezels hawwe ynfloed op de faasje dêr’t it iten mei it mage-termkanaal troch giet. Beskate typen fezels, lykas psylliumfezels, nimme relatyf in soad wetter op. Sa wurdt it folume fan de ûntlêsting fergrutte en wurdt de ûntlêsting tinner. It gruttere folume prikelet de term, wêrtroch’t de termbewegings tanimme en de trochgongfaasje fan de ûntlêsting troch de term grutter wurdt. It risiko op opstipaasje nimt op dy wize ôf en guon wittenskippers ûnderstelle dat it risiko op kanker fan de grouwe term fermindere wurdt. Ek de termfloara wurdt der sûner troch, om’t guon fezels fermintearre wurde kinne en sa in fiedingsboaiem wêze kinne foar goede termbaktearjes.[1]

Beskate typen fezel, lykas pektine, inuline, psyllium en hjouwerfezels, ferminderje de bloedglukoazespegel nei it miel. Dêrby lykje hjouwerfezels en psyllium boppedat de gefoeligens foar ynsuline te ferbetterjen.[1]

Al yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw waard in relaasje ûntdutsen tusken de komsumpsje fan net-raffinearre plantaardich iten en sûnensfoardielen.

Mei de yntroduksje fan in nije mealtechnyk dy’t fezels fan grouweiten moal skate om wytmoal te meitsjen, naam de fezelkonsumpsje yn de westerske wrâld bot ôf, mei troch in ek ôfnimmende konsumpsje fan grienten en fruit. Yn de santiger jierren begûn de fiedingsfezel erkenning te krijen as wichtige fiedingsstof mei in sinjifikante betsjutting foar de sûnens, al lei de klam doe benammen op it effekt tsjin konstipaasje.

Fiedingsfezels wurde op grûn fan twa eigenskippen yndield: oplosberens yn wetter en yn hoefier’t se al of net fermintearre wurde troch baktearjes yn de grouwe term.

De yndieling yn oplosbere dan wol net-oplosbere fezels is wat ferâldere. Sawol oplosbere as net-oplosbere fezels kinne fermintearber wêze.[4] alhoewol’t oplosbere fezels meast folle makliker fermintearre wurde. De wurking kin bot ferskille tusken dizze beide groepen.

Net-fermintearbere fiedingsfezels

bewurkje seksje

Net-fermintearbere fiedingsfezels wurde ek wol net-oplosbere fezels neamd. Se kinne knap wat wetter opnimme wêrtroch’t it folume fiedsel yn de mage/term tanimt en it sêd fielen langer bliuwt. Net-fermintearbere fezels prikelje, om’t se sa min te fertarren binne, ek de terms en stimulearje en aktivearje sa de peristaltyk fan it termstelsel. Dy aktivaasje wurdt troch minsken mei it prikelberetermsyndroom fielt as yrritaasje, sy ha krekt baat by fermintearbere (oplosbere) fezels.[5]
Net-fermintearbere fezels komme benammen foar yn nôtprodukten, lykas weetsimmels yn grouweitenbôle, músly en hjouwermout.

Fermintearbere fiedingsfezels

bewurkje seksje

Fermintearebere fiedingsfezels wurde ek wol oplosbere fezels neamd. Se nimme ek wetter op, al is dat minder as de net-fermintearbere fezels. Se binne meast goed yn wetter op te lossen en bine ek gallesoeren, glukoaze, golesterol en fetsoeren oan har. Se wurde yn de grouwe term troch termbaktearjes ôfbrutsen. De stoffen dy’t dêrby frijkomme, lykas koartkeatlingse fetsoeren, befoarderje de termfunksje. Fermintearbere fezels komme benammen foar yn grientes, fruit en púlfruchten. Fezels dy’t as iten tsjinje foar termbaktearjes, wurde wol prebiotika neamd. As fiedingssupplemint binne dy fezels ûnder oare te krijen yn de foarm fan inuline, oligofruktoaze, psylliumfezels (Plantago afra, in weversblêdsoarte).

Fiedingsrjochtline

bewurkje seksje

Sûnt 1986 jildt yn Nederlân in oanbefelling fan trije gram fiedingsfezels de megajoule deis. Yn 2006 hat de Sûnensried de rjochtline foar de fezelkonsumpsje ferhege nei 3,4 gram de magajoule foar elkenien fan 14 jier en âlder. Dat komt del op 14 gram fiedingsfezel de 1000 kilokaloryen.[6] Foar in folwoeksen frou betsjut dat sawat 30 gram fiedingsfezel deis, foar in folwoeksen man 40 gram. Sawat fiif oant tsien persint fan de Nederlânske befolking hellet dy noarm. Yn trochsneed krije minsken net mear as sa 20 oant 25 gram fezels de dei.[1]

Kontroferzje

bewurkje seksje

Der wurdt wol tocht dat fiedingsfezels de terms beskermje tsjin kanker. Wittenskippers en wittenskiplike stúdzjes ha yn it ferline mear kearen de link tusken it tsjingean fan termkanker en fiedingsfezels lein.[7][8][9][10] Ek it Fiedingssintrum docht de oanbefelling fiedingsfezels te iten, en hâldt út dat fiedingsfezels termkanker helpe foar te kommen.[11] Letter wittenskiplik ûndersyk hat lykwols oantoand dat dat net sa is.[12][13] Fiedingsfezels ferleegje ek it golesterolnivo net.[14][15]

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Sûnensried 2006
  2. Net oerset: “Dietary fiber consists of non-digestible carbohydrates and lignin that are carbohydrates that have beneficial physiological effects in humans. Total fiber is the sum of dietary fiber and added fiber.“
  3. FAO/WHO Codex Alimentarius Commission. Available online: http://www.codexalimentarius.net/download/standards/34/CXG_002e.pdf
  4. Net-oplosber resistint setmoal is bygelyks fermintearber.
  5. Bijkerk CJ, de Wit NJ, Muris JW, et al. Soluble or insoluble fibre in irritable bowel syndrome in primary care? Randomised placebo controlled trial. (2009) BMJ 339:b3154. Dit is ûnderdiel fan it proefskrift fan Dr. René Bijkerk fan it UMC Utert: titele "Irritable bowel syndrome in primary care" (2008). Besprutsen yn: Ellen de Visser - Weegbreevezel kalmeert spastische darm. Volkskrant op 28 augustus 2009
  6. (ned) Gezondheidsraad. Richtlijn voor de vezelconsumptie. Den Haag: Gezondheidsraad, 2006; publicatie nr 2006/03. ISBN 90-5549-589-1. Gepubliceerd 21 maart 2006. De verhoging van de aanbeveling is grotendeels gebaseerd op een gezaghebbende Amerikaanse aanbeveling: die van het Institute of Medicine.
  7. Burkitt DP. Are our commonest diseases preventable? Preventive Medicine. 1977 Dec.;6(4):556–9.
  8. Burkitt DP. Epidemiology of cancer of the colon and rectum. Cancer. 1971Jul.;28(1):3–13.
  9. Burkitt DP. An approach to the reduction of the most common western cancers. The failure of therapy to reduce disease. Arch Surgery. 1991;126:345–7.
  10. Bingham, Day, Luben, Ferrari, Slimani, Norat, et al. Dietary fibre in food and protection against colorectal cancer in the European Prospective Investigation into Cancer and Nutrition (EPIC): an observational study. Lancet. 2003 May2;361(9368):6–6. fergees folsleine artikel
  11. Fiedingssintrum oer fezels
  12. Park YY, Hunter DJD, Spiegelman DD, Bergkvist LL, Berrino FF, van den Brandt PAP, et al. Dietary fiber intake and risk of colorectal cancer: a pooled analysis of prospective cohort studies. JAMA. 2005 Dec.13;294(22):2849–57. fergees folsleine artikel
  13. Asano TT, McLeod RSR. Dietary fibre for the prevention of colorectal adenomas and carcinomas. Cochrane database of systematic reviews (Online). 2001Dec.31;(2):CD003430–0.
  14. Van Rosendaal GMA, Shaffer EA, Edwards AL, Brant R. Effect of time of administration on cholesterol-lowering by psyllium: a randomized cross-over study in normocholesterolemic or slightly hypercholesterolemic subjects. Nutrition Journal. 2004 Sep.27;3:17–7. fergees folsleine artikel
  15. Jenkins DJ, Kendall CW, Axelsen M, Augustin LS, Vuksan V. Viscous and nonviscous fibres, nonabsorbable and low glycaemic index carbohydrates, blood lipids and coronary heart disease. Curr Opin Lipidol. 2000 Feb.;11(1):49–56.