In fiifdiel is Aldfrysk foar fiifde part. It wurd is bekend fan it lân de Frjentsjerter Fiifdielen. It fiifdiel is dêr in steatkundich ûnderdiel fan it lân. Bestjoerlik hienen de fiifdielen betsjutting om't bygelyks it gebiet eigen fertsjinwurdigers ôffeardige. De Fjentsjerter Fiifdielen waarden op it lêst aparte gritenijen.