Filips de Skiene
Filips de Skiene, yn Spanje Filips I fan Kastylje neamd (Brugge, 22 july 1478 - Burgos, 25 septimber 1506), wie de soan fan Maksimiliaan fan Eastenryk en fan Marije fan Boergonje.
Filips erfde fan syn heit it grutste part fan it Hartochdom Boergonje en fan syn mem de Boergondyske Nederlannen (as Filips IV), en siet koart op de troan fan de Kroan fan Kastylje omdat er boaske wie oan keninginne Joanna fan Kastylje, dy't ek erfgenamt fan de Kroan fan Aragon wie. Filips wie de earste Habsburchske moarch yn Spanje. Hy erfde nea de fierdere gebieten dêr't syn heit oer hearske en waard ek gjin Keizer fan it Hillige Roomske Ryk omdat er earder as syn heit stoar, mar syn soan keizer Karel V slagge it om de Habsburchske, Boergondyske, Kastyljaanske en Aragoneeske besittingen te ferienigjen.
Neiteam
bewurkje seksjeJehanna fan Kastylje en Filips de Skiene hienen seis bern:
- Eleonora (15 novimber 1498 - 25 febrewaris 1558), keninginne fan Portegal (troch har houlik mei Emanuel I) en Frankryk (troch har twadde houlik mei Frâns I fan Frankryk)
- Karel V (24 febrewaris 1500 - 21 septimber 1558) keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Spanje, troude mei Isabella fan Portegal
- Isabella (18 july 1501 - 19 jannewaris 1526), keninginne fan Denemark troch har houlik mei Kristiaan II
- Ferdinand I (10 maart 1503 - 25 july 1564), keizer fan it Hillige Roomske Ryk, troude mei Anna fan Bohemen
- Marije fan Hongarije (18 septimber 1505 - 18 oktober 1558), keninginne fan Hongarije troch har houlik mei Loadewyk II
- Katharina (14 jannewaris 1507 - 12 febrewaris 1578) keninginne fan Portegal troch har houlik mei Johan III
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philip I of Castile fan Wikimedia Commons. |