Fiskersboatsje

boatsje dat benammen troch fiskers brûkt wurdt

In fiskersboatsje of gewoan boatsje is in boatsje dat benammen troch fiskers brûkt wurdt. It waard ek wol gewoan "boatsje” neamd, en waard as roeiboat brûkt, mar (mei swurden) ek wol as sylboat op it widere wetter. It wie in ferfiermiddel foar boeren (tsiis, bûter), foar de fisker wie it in fiskersboat en sels winkellju hienen wol sa'n boatsje foar it besoargjen bûtenút.

fiskersboatsje
Frysk Skipfeart Museum
fiskersboatsje (Ids Wiersma)
Frysk Skipfeart Museum

It fartúch hat wat wei fan in tsjotter, mar hat ien boech en fêste bûkdelling en fierders in beun. De foarplecht kin faak opklapt wurde foar beskûl. It is in roei- en sylboat mei in sprietseil. It is in houten skipsfoarm, dy't faak boud waard mei in lingte fan trochstrings 16 foet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: