Fjodor Usjakovkatedraal
De Fjodor Usjakovkatedraal (Russysk: Собор Святого Феодора Ушакова; Sobor Svjatogo Feodora Usjakova) is in katedraal yn 'e Russyske stêd Saransk en de biskopstsjerke fan it bisdom Saransk-Mordoovje. De katedraal waard wijd oan 'e yn 2001 troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre admiraal Fjodor Usjakov.
Fjodor Usjakovkatedraal Собор Феодора Ушакова | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
republyk | Mordoovje | |
plak | Saransk | |
adres | Sovjetskaja ûl. 53 | |
koördinaten | 54° 10' N 45° 10' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2004-2006 | |
boustyl | Emire-styl, neobyzantynsk | |
hichte | 62 meter | |
Webside | ||
www.sobor-ushakova.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1991 foarme de Hillige Synoade fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke út it grûngebiet fan it bisdom Penza it selsstannige bisdom Saransk-Mordoovje. It die bliken dat de earste katedraal fan it nije bisdom al gau te lyts wie om as katedraal te tsjinjen. Dêrom frege de aartsbiskop de republyk om permisje foar de bou fan in nije katedraal. Nei de hillichferklearring fan Fjodor Usjakov yn 2001 waard dy keazen as de nije patroanhillige foar de takomstige katedraal.
Yn oerlis mei it stedsbestjoer waard keazen foar in boulokaasje op 'e krusing fan 'e Bolsjevistkaja ûlitsa en de Sovjetskaja ûlitsa. Op 8 maaie waard de earste stien lein en yn 2006 wie de katedraal foltôge. De wijing fan de katedraal fûn op 6 augustus dat jier plak troch patriarch Aleksi II.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe katedraal is yn 'e empire-styl boud en hat in hege, ryk útfierde neobyzantynske koepel, dy't ynklusyf krús 62 meter heech is. Om de haadkoepel binne fjouwer lytsere koepels groepearre mei dêryn 12 klokken, werfan't de swierste 6 ton weget.
De tsjerke hat in houten ikonostaze en it wichtichste alter is wijd oan de hillige admiraal. De oare altaren binne wijd oan Serafim fan Sarov en de martlers fan Mordoovje. Yn 'e tsjerke is plak foar 3000 minsken. Op in hichte fan 40 meter kinne besikers fan it útsicht oer de stêd genietsje.
Monumint
bewurkje seksjeOp it plein foar de tsjerke stiet sûnt 2006 in brûnzen monumint foar de admiraal. Sûnder de graniten sokkel is it byld 4 meter heech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|