Flaamsk
Flaamsk is in term dy't foar mearderlei útlis fetber is. Almeast wurdt dermei ferwiist nei de taalsitewaasje yn Belgje (sûnt 1830) of yn 'e Súdlike Nederlannen (foàr 1830). Der wurde fjouwer ferskillende betsjuttings ûnderskaat.
- De namme Flaamsk wurdt wol brûkt as beneaming foar de justjes ôfwikende foarm fan it Nederlânsk dy't yn Flaanderen yn gebrûk is. In sekuerdere term foar dat begryp is Belgysk-Nederlânsk (of Súdnederlânsk, as it om 'e sitewaasje fan foàr 1830 giet).
- Mei it Flaamsk wurdt ek wol de saneamde tuskentaal oantsjutten, in foar Nederlanners dreech te folgjen min ofte mear standerdisearre foarm fan it Nederlânsk sa't dat yn Belgje sprutsen wurdt.
- Under de term Flaamsk wurde ek wol alle Nederlânske dialekten beflapt, dy't yn it gewest Flaanderen (it hiele Nederlânsktalige diel fan Belgje) sprutsen wurde; dêrta hearre dan net inkeld it Westflaamsk en it Eastflaamsk, mar ek it Brabânsk en soms sels it Limboarchsk, al is dat eins in selsstannige taal, dy't net mear ta it Nederlânske taalgebiet rekkene wurde mei.
- Yn in ingere sin en histoarysk wurde mei de namme Flaamsk oer it algemien de Nederlânske dialekten fan it eardere greefskip Flaanderen oantsjut, dus it Eastflaamsk en it Westflaamsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side. |