Flagge en Wimpel
De Flagge en Wimpel (Nederlânsk: Vlag en Wimpel) is in earfolle fermelding foar Nederlânsktalige berneboeken, dy't ienris yn 't jier yn ferskate kategoryen útrikt wurdt troch de Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek (CPNB) foar de as bêste beoardiele berneboeken dy't yn it foarôfgeande jier publisearre binne. De takenning wurdt dien op foardracht fan 'e sjuery dy't ek de Gouden Griffels, Sulveren Griffels, Gouden Pinsielen, Sulveren Pinsielen en inkele oare prizen útrikt. De CPNB wol mei al dy prizen it lêzerspublyk in paadwizer jaan foar de kar fan goede berneboeken.
Flagge en Wimpel Vlag en Wimpel | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
útrikt foar | bêste berneboeken | |
útrikt troch | CPNB | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1980 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Flagge en Wimpels binne yn 1980 troch de CPNB ynsteld, en wurde anno 2018 útrikt yn fiif kategoryen:
- berneboeken foar de leeftydskategory oant 6 jier
- berneboeken foar de leeftydskategory fan 6 oant en mei 8 jier
- berneboeken foar de leeftydskategory fan 9 oant en mei 11 jier
- ynformative útjeften foar bern
- poëzij foar bern
Yn eltse kategory kin de sjuery oan maksimaal trije boeken yn 't jier in Flagge en Wimpel takenne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links en Voetnoten, op dizze side. |