Flagge fan Burchwert
De flagge fan Burchwert is de flagge fan it doarp Burchwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út in grien fjild mei in wite diagonale baan dy fan linksûnder nei rjochtsboppe trochrint, oan de mastside de fermselde flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Burchwert.
Symbolyk
bewurkje seksje- Wite baan: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Fersmelde flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.