Flagge fan Driezum
De flagge fan Driezum is de flagge fan it doarp Driezum, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 1999 reigstrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Twa horisontale banen swart-giel, mei by de broeking lâns in fertikale griene baan mei in lingte, gelyk oan 1/2 flaggehichte; oer alles hinne in oranje krús, wêr fan de earmen nei de broek-, boppe- en ûnderside fan ûnbepaalde lingte is; it krús bestiet út fjouwer út elkoar op it snijpunt fan de earmen reitsjende punten; alle punten hawwe op de flaggesiden in basis mei in lingte fan 1/5 flaggehichte; op it grien yn de broektop in wite roas mei giele knop en punten.
De kleuren komme út it wapen fan Driezum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Griene fjilden: stie faor de greiden en de houtwâlen yn de omkriten fan it doarp.
- Swart en giel fjild: ferwiist nei de oergong út it sângrûn nei de klaaigrûn.
- Oranje krús: ferwiist nei de woartelteelt yn it doarp. It getal fjouwer ferwiist nei de fjouwer wegen dy't yn it doarp by elkoar komme: de Kolkensloane, Van Sytzamawei, Foarwei en de Achterwei.
- Roas: oernommen út it wapen fan de famylje Van Sytzama, dy't de Rinsmastate by it doarp bewenne.