Flagge fan Hitsum

De flagge fan Hitsum is de flagge fan it doarp Hitsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2016 registrearre.

Flagge fan Hitsum

De beskriuwing fan de flagge is:

Kantielfoarmich yn twaen dield mei fjouwer kantielen; it earste kantiel begjinnend oan de boppeside fan de flagge op 11/20 flaggelingte; de broekside giel en belein mei in griene útskuorde stilearre prûmmebeam, mei tsien pearse fruchten; de flecht ferdield yn sân like hege banen fan blau en read, yn it ferlingde fan de kantielen.

De kleuren komme út it wapen fan Hitsum.

  • Kantiele twadieling: ferwiist nei de Roordastate yn it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen oan de kleuren fan de pleatslike keatsferiening. It ferwiist ek nei de Roordastate.
  • Prûmmebeam: oernommen út it logo fan it doarpsbelang en symboal foar de hôven yn de omkriten fan it doarp.