Flagge fan Iens
De flagge fan Iens is de flagge fan it doarp Iens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1997 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Linkerfleugel yn trije banen grien, giel en read, mei op de boppenste baan in giele blom út it skerm fan de swanneblom. De giele baan mei in dikte gelyk oan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Iens.