Flagge fan Spannum
De flagge fan Spannum is de flagge fan it doarp Spannum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 1997 registrearre.
It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Yn blau, útgeande fan de broeking, in giel, skean tarinnende lânsfindel, oer de flechthelte útrinnende yn trije spitse toppen, wêr fan de punten de flechtside yn de fjouwer like hege stikken dielen; it lânsfindel mei in hichte gelyk oan de flaggehichte en yn de broekhelte belein mei in read hert, mei in hichte gelyk oan 9/20 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Spannum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Hert: oernommen út it wapen fan Spannum.
- Trije punten: symboal foar de flammen út it hert fan it wapen fan Spannum.