Flagge fan Wytgaard
De flagge fan Wytgaard is de flagge fan it doarp Wytgaard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije weagjende banen giel-blau-giel yn in hichteferhâlding fan 19:4; op de earste baan oan de broekside in swarte earnskop mei in hichte, gelyk oan 13/20 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Wytgaard.
Symbolyk
bewurkje seksje- Weagjende baan: symboal foar sawol de eardere lytse haven fan Wytgaard as de De Swette westlik fan it doarp.
- Earnskop: oernommen út de wapens fan de famyljes Van Feytsma, Van Jeltinga en Van Sytzama. Dizze famyljes bewennen de Feitsmastate en Camstrastate yn Marwert.
-
Wapen fan de famylje Van Feytsma.