Foarbeatsjerke (Tomsk)

De Foarbeatsjerke, of krekter: de Tsjerke fan de Foarbea fan de Jongfaam Marije, keniniginne fan 'e Hillige Roazekrâns (Russysk: Храм Покрова Пресвятой Богородицы Царицы Святого Розария; Chram Pokrova Presvjatoi Boporoditsy Svjatogo Rozarija) is in roomske tsjerke yn Tomsk, Ruslân. De tsjerke falt ûnder it katolike bisdom Novosibirsk en wurdt troch Jezuïeten beheard. By de tsjerke is in roomsk gymnasium.

Foarbeatsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tomsk
plak Tomsk
adres Ul. Bakûnina 4
koördinaten 56° 29' N 84° 57' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Novosibirsk
Arsjitektuer
boujier 1833 (tsjerke)
1856 (klokketoer)
boustyl Neoklassisisme
monumintale status Monumint fan Stêdebou en Arsjitektuer
monumintnûmer 7000089001
Webside
Side fan 'e parochy
Kaart
Foarbeatsjerke (Ruslân)
Foarbeatsjerke

Sûnt 1978 is de tsjerke in beskermd monumint fan regionale betsjutting.

Tomsk wie it histoaryske sintrum foar de katolike mienskip fan Sibearje. De mienskip bestie sûnt de 17e iuw út ferballe Poalen, Wyt-Russen en Litouwers út it Poalsk-Litouske Mienebest. Sûnt de 19e iuw waard de mienskip oanfolle mei ballingen nei de Napoleontyske oarloggen en de ûnderdrukking fan de Poalske opstannen yn 1830 en 1863. Dêrfandinne wurdt de tsjerke troch ynwenners ek faak troch ynwenners de 'Poalske tsjerke' neamd. De nei Tomsk ferballe Frânske diplomaat greve Aleksandr Masjinski wie inisjatyfnimmer fan de bou fan de tsjerke. Yn 1833 wie de tsjerke neffens in ûntwerp fan de Russysk-Dútske arsjitekt Karl Gustavovitsj Turski foltôge en op 7 novimber 1833 fûn de konsekraasje fan de alderearste katolike tsjerke fan West-Sibearje plak. Yn 1856 waard by de tsjerke in klokketoer foar trije klokken boud neffens it ûntwerpen fan Gavriil Batenkov.

Yn 1862 krige de Foarbeatsjerke ek in oargel.

Oan it begjin fan 'e 20e iuw wie de parochy ien fan de grutste katolike parochy's fan Sibearje. It tal parochianen wie doe likernôch 15.000 en de parochy bestie út ferskillende nasjonaliteiten. Yn 1902 krige de tsjerke in nij oargel.

Nei de revolúsje bleau de tsjerke noch in skoft iepen. Mar yn 1938 waard it gebou sletten en oerdroegen oan it ferlet fan it folk. De liturgyske foarwerpen, de bylden, de argiven en it oargel ferdwûnen sûnder in spoar efter te litten. Letter brûkten de NKVD en in sweeffleantúchklub it gebou. De tsjerke waard lykas oare roomske tsjerken yn Ruslân lykwols nea bot ferboud en nei in lange restauraasje waard yn 1979 it planetarium yn it gebou ûnderbrocht.

Nei de fal fan it kommunisme libbe de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Ruslân wer op. De tsjerke waard yn 1990 oan de katolike parochy weromjûn en op 6 oktober waard it gebou wer ynwijd.

De parochy besit noch trije gebouwen by de tsjerke: twa gebouwen fan in katolyk gymnasium en in parochyhûs, dêr't oant 2016 in opfanghûs fan 'e Susters fan Mem Teresia wie om minsken fan 'e alkoholferslaving te helpen. It gymnasium bestiet sûnt 1993.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De tsjerke is ûntwurpen yn 'e styl fan it let-Feneesjaanske klassisisme út de 17e-18e iuw. Ynearsten hie it gebou in rjochthoekich grûnplan mar nei in ferbouwing yn 'e jierren 1880 waard oan beide kanten útwreide, sadat it grûnplan krúsfoarmich waard. Sûnt is der neat mear feroare.

De preekstoel en it alter is fersierd mei fykwurk fan Vladimir Zacharov.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Покрова Пресвятой Богородицы Царицы Святого Розария (Томск)