Fokker F-11
De Fokker F-11, ek bekend as Fokker B.IV, wie in lúks amfibysk fleantúch dat ein jierren 20 yn de Feriene Steaten as 'loftjacht' produsearre waard. Technysk sjoen wie it tastel de Model 9 fan Fokker Aircraft Corporation of America. De earste flecht wie yn 1928.
Fokker F-11 | ||
algemiene ynformaasje | ||
makker | Fokker Aircraft Corporation of America (ek: Atlantic Aircraft Corporation Fokker-America/Atlantic-Fokker) | |
ûntwerper | Alfred Gassner [1] | |
gebrûk | ||
earste flecht | 1928 | |
tal makke | 6 |
It Fokker wetterfleantúch waard ferkocht yn Noard-Amearika as de Fokker F-11 en yn Europa as de Fokker B.IV. Nei 't seis fleantugen produsearre wiene, waard dúdlik dat it ûntwerp net goed ferkeapje soe. In pear waarden ferkocht, wêrûnder twa oan opmerklike multymiljonêrs; Harold Vanderbilt en Garfield Wood kochten der elk ien. Ien waard kocht troch Air Ferries yn San Francisco. De F-11 A waard ferkocht foar 40.000 dollar. Dy priis waard ferlege nei 32.500 dollar as gefolch fan de depresje fan 1929. De F-11 wie in kommersjele mislearring.
Konstruksje
bewurkje seksjeDe rompstruktuer bestie út oan elkoar klonken fan duraluminium seksjes fan fakwurkkonstruksje beklaaid mei Alclad-panielen. De earste twa of trije tastellen hiene noch nije rompbeammen dy't de tsjillen fan it haadlâningsgestel oan de úteinen droegen. Foar wetterlâningen koene de giken wat omheech swinkt wurde om it lâningsgestel te stabilisearjen. Dy technyk like lykwols net in sukses te wêzen, om't alle folgjende fleantugen konvinsjonele driuwers yn 'e midden fan beide fleugels hiene.
Spesifikaasjes
bewurkje seksjeParameters | Gegevens F-11A [2] | Gegevens F-11AHB[3] |
---|---|---|
Bemanning | 2 | |
Passazjiers | 4 bis 5 (max. 8) | |
Lingte | 13,73 m | |
Spanwiidte | 18,00 m | |
Gewicht leech | 2020 kg | 2300 kg |
Lading | 1100 kg | 969 kg |
Krúsfaasje | 152 km/o | 157 km/o |
Maks. faasje | 179 km/o | 186 km/o |
Lâningsfaasje | 80 km/0 | 88 km/o |
Tsjinstplafond | 3500 m | 3350 m |
Fleanberik | 640 km | |
Oandriuwing | 1 × Wright R-1750D Cyclone njoggensilinder-stjermotor fan 525 hk, Metalen propeller mei trije blêden, dy't op 'e grûn yn in oare stân set wurde koe |
1 × Pratt & Whitney Hornet B fan 575 hk |
Literatuer
bewurkje seksje- E. R. Johnson: American Flying Boats and Amphibious Aircraft, McFarland and Co., 2009, ISBN 978-0-7864-3974-4, s. 129–131
- Bart van der Klaas: Fokker's American Heydays. Yn: AIR Enthusiast No.68, maart–april 1997, s. 2–15
- Joseph P. Juptner: U.S. Civil Aircraft Series. Bân 3, Aero Publishers, 1966, s. 68–70
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |