Fokker G.1

(Trochferwiisd fan Fokker G1)
Fokker G.1


Rol Oanfalsjager
Makker Fokker
Untwerper Marius Beeling en Erich Schatzki
Earste flecht 16 maart 1937
Yn tsjinst 1939
Ut tsjinst
Tal makke 63 (1939–1940)
Brûkers Loftfeartôfdieling, Luftwaffe

De Fokker G.I, Jachtkruser, wie in Nederlânske oanfalsjager, in middeldekker, dy't yn 1934 ûntwurpen waard troch de Fokker ûntwerpers ir. Marius Beeling en Dr.ir. Erich Schatzki. De earste flecht mei it prototype wie op 16 maart 1937.

Presintaasje fan de nije Fokker G.1 yn 1937

It ûntwerp wie bysûnder troch de dûbele sturtbeammen en de swiere bewapening. By de presintaasje yn 1936 op de 15e Loftfeartsalon yn Parys wie de G. 1 in sensaasje.

Der waard in houtkonstruksje brûkt foar it middenstik fan de romp en de wjokken (in Fokker spesjaliteit), dy't ien gehiel wiene. Noas en sturtbeammen wiene fan aluminium en it oerbliuwende foarste rompdiel wie fan stiel. In gefal fan need koe de perspeks koepel ôfsmiten wurde om sa it tastel hurd ferlitte te kinnen.

Der binne twa ferzjes fan de G. 1 boud, de G.Ia mei Mercury-moters en de G.Ib mei Wasp-moters en 4 ynstee fan 8 masinegewearen yn de noas.
De Fokker G.I en de Fokker D. XXI wienen by de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 feitlik de ienichste tastellen dy't harren ridlik warre koene tsjin de Dútske jachtfleanmasines. Der binne in stikmannich fijanlike tastellen mei delhelle, foaral Junkers Ju 52's. Op dat stuit wiene 23 fan de 32 G. 1's ynsetber, mar in protte binne op de grûn al stikken sketten.

Technyske feiten

bewurkje seksje
 
 
Fokker G.IA, replika fan hout
 
Efterein romp
Fokker G.IA
Feiten
Fabrikant    Fokker
Boujier    1939-1940
Lingte    11,50 m
Spanwiidte    17,14 m
Hichte    3,40 m
Fleugeloerflak    38,30 m²
Oandriuwing    twa luchtkuolle 9-silinder-Stjermotors
Bristol Mercury VIII
Sterkte    it stik 619 kW / 830 PS
Heechste faasje;   475 km/o op 2750 m
Krúsfaasje    355 km/o op 2750 m
Stiichfermogen    yn 8 min nei 5.000 m
8,9 min 7000 m
Tsjinstplafond    9300 m
Fleanberik    1400 km
Leechgewicht    3323 kg
Startgewicht    maximal 4790 kg
Bemanning    2-3
Bewapening    acht fêste 7,9-mm-MGs yn de noas
ien beweechbere 7,9-mm-MG yn efterkoepel

Keppeling om utens

bewurkje seksje