Fokker T.VIIIw

1938 Fokker
namme


Rol Torpedobommesmiter en ferkenner
Makker Fokker
Earste flecht 1938
Yn tsjinst Juny 1939
Tal makke 36
Brûkers Marine Loftfearttsjinst, Royal Air Force, Luftwaffe

De Fokker T.VIIIw wie in yn 1938 fanwege de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst troch Fokker ûntwurpen twamotorige torpedobommesmiter en ferkenner op driuwers (fan Duraluminium).

In Fokker T.VIIIw yn tsjinst fan it 320 Dutch Squadron RAF

Hy wie ornearre foar sawol de Nederlânske kustferdigening as ek foar Nederlânsk-Ynje. De earste searjes waarden op de tradisjonele wize opboud: romp út staalbuis bespant mei linnen, houten fleugels, it rompfoarein en motorgondels út metaal. Der binne 36 fan boud dy't tsjinne hawwe by de Marine Loftfearttsjinst, de Luftwaffe en 320 Dutch Squadron RAF fan Coastal Command, stasjonearre yn Pembroke Dock yn Súd-Wales.

T.VIII W/G
Mingde hout- en metaakonstruksje. 19 fan boud (juny 1939).
T.VIII W/M
Hielendal fan metaal. 12 boud.
T.VIII W/C
Gruttere ferzje mei krêftiger motors (1940). Finlân bestelde der fiif fan, mar foelen yn Dútske hannen en waarden brûkt troch de Luftwaffe.

Spesifikaasjes (T.VIII W/G)

bewurkje seksje
Algemiene skaaimerken
  • Bemanning: 3
  • Lingte: 13 m
  • Spanwiidte: 18 m
  • Hichte: 5 m
  • Gewicht leech: 3.100 kg
  • Gewicht maks: 5.000 kg
Oandriuwing
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 285 km/o
  • Fleanberik: 2.750 km
  • Plafond: 6.800 m [1]
Bewapening

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Angelucci 1983, s. 259.