Folapúk (Folapúk: Volapük) is in ynternasjonale keunsttaal optocht fan Johann Martin Schleyer, dy't oan de ein fan de 19e iuw populêr wie.

Folapúk
algemien
eigen namme Volapük
tal sprekkers 20[1]
skrift Volapük alphabet[*], Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Keunsttalen
taalkoades
ISO 639-1 vo
ISO 639-2 vol
ISO 639-3 vol
Tinkstien foar Schleyer yn Litzelstetten. Tekst yn 't Folapúk: Menade bal, püki bal ('Foar ien wrâld, ien taal')

Folapúk waard optocht troch Johann Martin Schleyer, in Katolike priester yn Baden yn Dútslân, en waard yn 1879 publisearre (guon boarnen jouwe 1880). Folapúk waard fluch populêr, mei hunderttûzenen sprekkers. Der wiene tydskriften yn it Folapúk, der wiene learboeken, der wienen Folapúk-klubs en der waarden ynternasjonale Folapúk-kongressen holden.

Mei de opkomst fan it makliker te learen Esperanto ferlear de taal lykwols in grut part fan de brûkers. Yn 1931 hat de Nederlanner Arie de Jong in oanpaste ferzje fan de taal makke mei in maklikere grammatika. Dy ferzje is algemien akseptearre, mar it hat de tebekgong fan de taal net stoppe kind. Hjoed de dei binne der al noch Folapúk-sprekkers, mar harren oantal wurdt rûsd op tusken de 20 en 30. (2008)

De ISO 639 taalkoades foar it Folapúk binne "vo" en "vol". Der is ek in Folapúktalige Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Paul LaFarge, "Pük, Memory: Why I Learned a Universal Language No One Speaks". The Village Voice, augustus 2000.
Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Folapúke ferzje.