Follybalferiening CSC

Follybalferiening CSC is ûnderdiel fan omnysportferiening CSC fan De Jouwer. De omnyferiening hie yn 2018 ûngefear 380 leden. CSC hat neist in follybalôfdieling ek in gymnastykôfdieling. De gymnastykôfdieling waard yn oktober 1928 oprjochte as Christelijke Sport Centrale.

De dames senioren fan CSC spylje yn 2019 mei twa teams op rayonnivo. Dames-1 spilet tredde klasse en dames-2 spilet fjirde klasse. It manljusteam spilet yn de tredde klasse. De feriening hat ek in ôfdieling rekreanten foar froulje en manlju. De klupkleuren binne giel en blau. De klup spilet en treent yn sporthal 'De Stuit'.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: