Forry Award
De Forry Award is oeuvrepriis dy't sûnt 1966 troch de Los Angeles Science Fantasy Society (LASFS) elts jier útrikt wurdt oan in skriuwer of in oare persoan fan namme út it sjenre fan 'e fantasy en/of science fiction. De priis is neamd nei de oprjochter fan 'e LASFS, Forrest J. Ackerman, byneamd "Forry", dy't al withoelang in grutte science fiction- en fantasyfan is. De Forry Award wurdt takend troch de leden fan 'e LASFS op in gearkomste yn 'e hjerst, en datselde jiers noch wurdt de winner bekend makke op 'e LOSCON (fantasy- en science fiction-kovinsje fan Los Angeles).
Forry Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | science fiction- en fantasyliteratuer | |
útrikt troch | Los Angeles Science Fantasy Society | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | hjerst | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
1e útrikking | 1966 | |
offisjele webside | ||
www.lasfs.org |
De LASFS rikt yn itselde fjild ek de Big Heart Award út, dy't net mei de Forry Award betize wurde moat. Lju fan namme dy't de Forry Award wûn hawwe, binne û.o. Larry Niven (1969), Marion Zimmer Bradley (1976), Jerry Pournelle (1979), Robert A. Heinlein (1980), útjouwer Donald A. Wollheim (1987), Ursula K. Le Guin (1989), Andre Norton (1989), Isaac Asimov (1990), David Brin (1998), Anne McCaffrey (2000), Joss Whedon (2008), Terry Pratchett (2012) en Lois McMaster Bujold (2013).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |