Fort Thompson (Súd-Dakota)

Fort Thompson [fɔɹt 'θɔmsǝn] (Westlik Dakota: Čuŋkičakse; útspr.: [ʧũkiʧakse]) is in plak yn Buffalo County, yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Gann Valley), is it wol it haadplak fan it Crow Creek Yndianereservaat (Crow Creek Indian Reservation), fan 'e Crow Creek Sû Stamme (Crow Creek Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Fort Thompson doe op krapoan 1.300 minsken.

Fort Thompson
De Fort Thompson Mounds ("Terpen fan Fort Thompson").
De Fort Thompson Mounds ("Terpen fan Fort Thompson").
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Súd-Dakota
County Buffalo County
Sifers
Ynwennertal 1.282 (2010)
Oerflak 32,6 km² (ynkl. wetter)
26,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 48,0 / km²
Hichte 439 m
Oar
Stifting 1864
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 44°03′39″N
99°25′45″W
Kaart
De Fort Thompson Mounds ("Terpen fan Fort Thompson").
De lizzing fan Fort Thompson yn Buffalo County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Fort Thompson stiet fierders bekend om 'e Fort Thompson Mounds (of "Terpen fan Fort Thompson"), in stikmannich prehistoaryske troch de oarspronklike befolking fan it gebiet opsmiten ierdbulten. Dy foarmje in archeologysk fynplak en hawwe sûnt 1964 de (beskerme) status fan national historic landmark.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Fort Thompson 4,7% âlder as 65 jier en 45,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 18,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 64,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 70,1%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 96,4% Yndianen; 2,1% blanken; 0,5% Latino's; 0,1% swarten; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.