Frânske skoalle

(Trochferwiisd fan Frânske Skoalle)

De Frânske skoalle wie in ûnderwiisynstelling, dy't opkaam yn de 18e iuw, dêr't Frânsk leard wurde koe, in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske lingua franca.

Tekening fan de Frânske skoalle fan Boalsert

Neist Frânsk, dat meast ek de fiertaal op skoalle wie, waard dêr ek skriuwen, rekkenjen en boekhâlden ûnderrjochte. Somtiids teffens Ingelsk, Dútsk en muzyk, dêr't dan faak wol ekstra foar betelle wurde moast. It skoaljild wie 250 oant 500 gûne it jier, dat de skoalle wie allinne weilein foar bern fan begoedige lju.

Der wienen aparte Frânske skoallen foar jonges en famkes (Jonge Heren en Jonge Juffrouwen)[1].

De populariteit fan de Frânske skoallen kaam op rekken fan de Latynske skoalle dy't minder praktyske fakken joech. In protte Frânske- en Latynske skoallen waarden letter omfoarme ta gymnasium of HBS.

De Underwiiswet fan 1857, dy't ûnder oaren de Mulo ynstelde, makke in ein oan de Frânske skoalle yn Nederlân. Yn guon plakken waard de Mulo noch lange tiid Frânske skoalle neamd.

Skoalmasters

bewurkje seksje

Fan ein sechstjinde iuw ôf wiene de skoalmasters faak flechtlingen út de Súdlike Nederlannen. Soms wie de skoalhâlder in Frânsman, of fan Frânske orizjine, mar yn 'e regel wie dat net sa. De skoalmaster koe eigener fan de skoalle wêze en hjitte dan faak Frânske (kost)skoalhâlder, mar koe ek yn tsjinst wêze fan de stêd of it doarp. Der koene mear as ien Frânske skoallen yn ien plak wêze en der wie dus blykber ferlet fan dit skoaltype. De santjinde-iuwske filosoof Pierre Bayle soe dêrom sein ha: Il y a en Hollande douze Ecoles de françois pour une de Latin. ('Der binne tolve Frânske skoallen yn Nederlân op ien Latynske skoalle.') [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Verre verwanten.nl, rieplachte 18 augustus 2011.
  2. Het onderwijs van de Franse taal in ons land in vroegere tijd, yn: De Nieuwe Taalgids, jiergong 13, De Haach, 1919.