Franciscus Gerhardus Hieronymus (Frank) Löwik (Almelo, 30 septimber 1956 - Ljouwert, 23 febrewaris 2009) wie in Twintske histoarikus en skriuwer dy't him ûnder oare dwaande hâlde mei de bestudearring fan it Twintske regionalisme.

Skriuwerij oer it Twintske regionaolisme

bewurkje seksje

Löwik studearre Skiednis en Dútsk oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en wie dosint Skiednis en Maatskippijlear oan in skoallemienskip yn Ljouwert. Yn 2003 promovearre hy oan it Nedersaksysk Ynstitút fan de Fakulteit fan de Letteren fan de RUG mei it proefskrift De Twentse Beweging : strijd voor modersproake en eigenheid. Yn dit wurk, as handelsútjefte útbrocht troch it Van Deinse Ynstitút, beskreau er it Twintske regionalisme fanôf de Romantyk: it groeiende omtinken foar de eigen boukeunst, gebrûken, spraak, media ensafuorthinne. Hy beskreau ek de ferhâldding fan dit regionalisme ta 'de grut-Nedersaksyske gedachte' fan de jierren fyftich, en pleite foar in hegere erkenning fan it Nedersaksysk middels diel III fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden.

Löwik seach in groeiend oantal 'komplemintêre' 'regionalistyske inisjativen'. Hy pleite ek foar Twintsk taalbelied, omdat er it brûken en de kwaliteit fan de streektaal 'dúdlik' weromrinnen seach.

De Nieje Tied en literêre skriuwerij

bewurkje seksje

In 1993 brocht Löwik de bondel Op n biester (Niejmoodse schetsn in t Almeloos) út by De Oare útjouwerij yn Ynskedee.

Mei de eigener fan dizze útjouwerij, Goaitsen van der Vliet, besocht Löwik it Twintsk oan te fiterjen as skriuw- en kultuurtaal. De beide rjochten in jier letter De Nieje Tied op, in literêr-kultureel tydskrift yn it Twintsk en oanbuorjende Nedersaksyske taalfarianten. Dit tydskrift wol nijtiids wêze, yn oerienstimming mei Löwik syn fyzje dat it hearskende konservatisme 'in smaakbeleving, vorm en thematiek' yn de Twinske skriuwerij laat hat ta it idee dat it Twintske fan eartiids is en net seksy wêze kin.

Yn 1997 kamen Löwik en Van der Vliet mei harren Asterix-oersetting Ne gesjichte van Asterix den Galliër (Ynskedee, De Oare útjouwerij). Yn 2007 kaam by dizze útjouwerij in bondel ferhalen en kollumns fan Löwik út ûnder de titel Flantuutn (ferhalen en kantteksten). Dizze fertellings en kollumns stiene earder yn De Nieje Tied en De Roskam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: