Frans Tutuhatunewa
Frans Lodewijk Johannis Tutuhatunewa (Batavia, 26 juny 1923 – Breda, 22 oktober 2016) wie fan 1993 oant 2010 presidint yn ballingskip fan de Republyk fan de Súd-Molukken (Republik Maluku Selatan, RMS) en dokter.
Frans Tutuhatunewa | ||
politikus | ||
F.L.J. Tutuhatunewa (twadde rige, tredde fan links) by de fiering fan it 25-jierrich bestean fan de Republyk fan de Súd-Molukken yn De Haach | ||
echte namme | Frans Lodewijk Johannis Tutuhatunewa | |
bertedatum | 26 juny 1923 | |
berteplak | Batavia | |
stjerdatum | 22 oktober 2016 | |
stjerplak | Breda | |
Presidint | ||
regear | Republyk fan de Súd-Molukken | |
amtsperioade | 1993 - 2010 | |
foargonger | Johan Manusama | |
opfolger | John Wattilete |
Biografy
bewurkje seksjeTutuhatunewa waard berne yn de regearingswyk Weltevreden fan Batavia (no Jakarta) yn Nederlânsk-Ynje, dêr't syn heit dûanefunksjonaris wie. Nei de Twadde Wrâldkriich wie er gids foar de Britske militêren dy't nei de Japanske kapitulaasje yn Nederlânsk-Ynje oankamen. Dêrnei hat er noch yn it Koninklijk Nederlandsch-Indisch Leger (KNIL) tsjinne, mar koe dy tsjinst earder út om syn middelbere stúdzje dien te meitsjen.
Yn 1951 kamen hast 4.000 KNYL-militêren mei harren famylje (totaal sa'n 12.500 persoanen) út Ynje wei nei Nederlân; it soe in tydlik ferbliuw wurde moatte. Tutuhatunewa kaam as pleechsoan fan de adjudant-ûnderoffisier magazynmaster J. Mailuhuw nei Nederlân om't syn heit stoarn wie oan in sykte yn in Ynjysk kamp. Om't Tutuhatunewa belutsen wie by de organisaasje fan dy operaasje gie hy mei it lêste skip nei Nederlân mei. Tegearre mei it gesin Mailuhuw gie Tutuhatunewa oan board fan de Kota Inten op 25 maaie 1951 nei Nederlân en kamen op 21 juny 1951 yn Rotterdam oan. Nei in heal jier yn Middelburch wenne te hawwen ferhuze er nei Amsterdam dêr't er mei in beurs oan de VU medisinen úteinsette koe. Yn novimber 1964 waard er hûsdokter yn Boerum. Krekt dêrfoar wie er troud mei Inge Walther dy't er kennen leard hie yn in sikehûs yn Haarlim dêr't sy ferpleechster wie. Yn jannewaris 1975 waard Tutuhatunewa minister fan algemiene saken fan de RMS.
By de treinkaping by Wijster yn desimber 1975 waard tasein dat it Nederlânsk regear yn petear soe mei fertsjintwurdigers fan de Molukske mienskip yn Nederlân. Op 17 jannewaris 1976 folge dat petear yndie. De Molukkers waarden ûnder oaren fertsjintwurdige troch de presidint yn ballingskip ir. Johan Manusama en Tutuhatunewa.
Yn 1977 bemiddele Tutuhatunewa, doedestiids minister yn it RMS-kabinet, by de treinkaping by De Punt. It slagge him en krij twa froulju dy't swier wiene út de trein. Dêr wie de lettere boargemaster fan Utert Annie Brouwer-Korf ûnder. By syn besite oan de trein koe der neffens him net praat wurde fan in minne sûnens fan de gizelders. Dochs spile de minne sûnens fan harren mei by it beslút om de trein te bestoarmjen op de moarn fan 11 juny.
Yn septimber 1980 waard besletten dat Tutuhatunewa op termyn Manusama opfolgje soe en letter dat jier naam er ôfskied fan syn dokterspraktyk yn Fryslân om op 1 jannewaris 1981 oan it wurk te gean as dokter by de Boerhaaveklinyk foar ferslavingssykten yn Schiedam. Sadwaande kaam er yn de buert fan Manusama te wenjen dy't doe 70 jier wie en yn Rotterdam wenne.
April 1993 joech Manusama yn de Moluksk Evangelyske Tsjerke yn Assen it presidintskip fan de RMS oer oan Tutuhatunewa dy't op dat stuit 69 jier wie. Yn 2001 helle Tutuhatunewa it nijs doe't bliken die dat de RMS it ferset yn de provinsje Maluku op de Súd-Molukken stipe; hy woe doe net útslute dat dat jild ek brûkt wurde kinne soe foar it keapjen fan wapens.
Yn syn taspraak op de 59e proklamaasjedei fan de RMS kundige Tutuhatunewa oan syn amt yn de simmer fan 2009 oer te dragen oan de destiidske ficepresidint, John Wattilete. Letter waard dat ferskood nei april 2010, om't der it foarnimmen wie tagelyk mei syn ynstallaasje ek it kabinet út te wreidzjen. Op 17 april 2010 waard Wattilete beëdige as nije presidint fan de RMS.[1]
Ein 2016 stoar Tutuhatunewa yn de âldens fan 93 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|