Freark fan Roarda (Skoatterlân)

Freark fan Roorda, ferstoarn yn 1539, wie grytman fan Skoatterlân tusken 1521 en 1524.

Freark wie in soan fan Goffe fan Roorda fan Tsjummearum en Imk Hommema. Hy waard yn 1521 grytman fan Skoatterlân fan de Gelderske side. Hoewol't er it renversaalbrief oan de hartoch fan Saksen tekene en sels op fersyk de oaren syn segel setten hie, wie hy lykwols nei de Gelderske partij oergien en hearde yn 1515 ta in gesantskip fan de hartoch fan Gelder, om him te freegjen nei Fryslân ta te kommen om de lânssaken te regeljen. Yn 1521 waard hy yn in gefjocht tusken it folk fan de biskop fan Utert en de Geldersen by De Lemmer troch de earsten finzen nomd. Yn 1545 hearde hy by de steatslju dy't de resolúsje ta beskerming fan de privileezjes en foarrjochten fan it lân ûndertekenen. Hy boaske Ayl, dochter fan Bave Iskenhuizen en N. Douma, en liet by har fjouwer bern nei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van der Aa
  • Wapenboerd Roorda yn Tyemmarum, Gen. 6;
  • Winsemius, side 315, 391, 392;
  • Schotanus, side 581;
  • Van Sminia, side 362, 363