Fred van der Vlugt
Frederik Jules (Fred) van der Vlugt (Den Haag, 17 oktober 1930 - San Pedro de Alcántara (Spanje), 5 febrewaris 2002) wie in Nederlânsk sjoernalist op it mêd fan auto's.
Hy wie ien fan de grûnlizzers fan it blêd Autovisie. Hy presintearre, earst foar de VPRO en letter foar de TROS, it auto-konsuminteprogramma Wereld op Wielen mei it ferneamde ûnderdiel de koude start.
Fan 1976 oant en mei 1978 presintearre er foar de AVRO de rubryk Auto en verkeer yn it konsuminte-service programma AVRO's Driemaal twintig.
It lêste programma dat er presintearre wie it autoprogramma De hoogste versnelling, dat ek troch de AVRO útstjoerd waard.
Van der Vlugt wie in soan fan luitenant-kolonel Abraham Rutger van der Vlugt (1905-1965) en de Joadske Ellen Stokvis (1906-1944). Yn de Twadde Wrâldoarloch waard syn mem troch de nazys nei Auschwitz deportearre en dêr rekke sy wei. Omdat harren heit net-joadsk wie, lieten de Dútsers Van der Vlugt en syn jongere broer Bram gewurde. Bram van der Vlugt soe letter bekendheid krije as akteur.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |