Frederik Gerrit Slothouwer
Dr. Frederik Gerrit Slothouwer (De Kúnder, 28 augustus 1848 - Ljouwert, 26 febrewaris 1891) wie in Frysk histoarikus. Syn heit Dirk Slothouwer wie dûmny op De Kúnder en Frederik wie it tredde bern út syn houlik mei Geertruida Diehl.
As bern wie er faak siik. Hy krige syn oplieding yn Frjentsjer dêr't syn heit beroppen wie, en op de Latynske skoalle. Doe't syn heit spul krige mei de rektor gie Frederik yn Sutfen nei skoalle. Doe't syn heit hommels ferstoar ferfarde de grutte húshâlding nei Leien. Op 14 septimber 1868 studearre er Letteren en letter skiednis. by prof. Fruin. Hy is promovearre op Bijdrage in de Geschiedenis der Doelisten (1875). Dêrnei waard er beneamd oan de HBS fan Winterswyk en dêrnei oan it gymnasium en de H.B.S. yn Kampen.
Op 1 jannewaris 1879 kaam er oan it fernijde gymnasium yn Ljouwert. It Friesch Genootschap van geschied- oudheid- en taalkunde, dêr't er jûns hinne gie beneamde him op 15 oktober 1883 ta sekretaris. Soms wie er sels sprekker.
Wurk
bewurkje seksje- Bijdrage tot de geschiedenis der Doelisten. Akademysk Proefskrift. Leien 1875.
- Oligarchische misbruiken in het Friesche staatsbestuur. In de Bijdragen voor vaderlandsche geschiedenis enz. troch Dr. R. Fruin. 3e Rige, dl. I, 67-99.
- Staatkundige woelingen in de provincie Friesland, gedurende de jaren 1672 en 1673. Dêre, I, 337-370.
- Friesche troebelen gedurende het jaar 1748. dêre, II, 402-429.
- Paepse stouticheden Dêre, III, 138-148.
- Een provinciale Klerk. Dêre, IV, 88-96.
- Nog iets over den tijd van koning Lodewijk. Dêre IV, 229.
- De buitengewone ambassade naar het Zweedsche Hof in den jare 1672. Dêre, VI, 81-132.
- De wording van het college der Gedeputeerde Staten in de provincie Friesland. Yn De Vrije Fries, dl. XVII, 164-236.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|